donderdag 28 april 2011

Kâld Swit

Der wer it lân de dyk omklammet, brekt it kâld swit my út. Myn handen yn de bûse, skop ik tsjin in stjintsje, twa tikjes op it basalt. It skient dat 'wy' wat matte meienoar en sa. 'Wy', ja mei die ferrekte minsken my untbleate keunstgebitten en neie brillen: 'ja no, ja' en de hiel dei de Omrop wat oan, babyboomers. Bûnzje troch de ieren om! Klink dan in donder oer it Waad. It sâlte swit rint yn myn bilnaad. De âld loft. Die GODFERDOMDE himmelse loft mai die ferrekte pvv-fûgels der yn. Ik tink oan Doutzen diet fjirderop op e rêch yn it sintsje leit. It wurd tiid dat ik myn ploech tot swurd meitsje: Alles Fryslân foar my.