Akky: 'Ik fyn it sa moai! Soms ontroer ik mysels sa bot dat ik myn eigen wurk bedjer. Dan gûl ik noch folle hurder.'
|
Akky tige grutsk foar har djoerste wurk: Trije tinzen' makke yn har depressieve periode fan 2005-2010. |
|
|
|
Keunstkulnijs út Peasens-Moddergat, fan en troch jo pleatselike ferslachjouwer.
Ik kom no krekt fan de iepening fan in lytse eksposysje yn ús eigen doarpshûs te Peasens:
wetterverfgriemerij akwarellen fan de hân en kwasten fan Akky Roarda. Sy is tige grutsk: 'Ik bin no 62, ik hie nea tocht dat ik noch ris een fernaam keunstneres wurde soe.' No dat komt fansels moai út. De barman, SizMarPiet, ferklapte my dat hy oer har wurk 'Sinneblommen op e reet' wat bier griemt hie.'Ach akwarellen of bierrellen, it makket allegear gjin kont.' Nee, dat is ek sa, en nei 15 bier, snapte ik ek wol wat Akky dêr yn seach en de bierflekken fan SizMarPiet seach ik net en oer syn kontfasinaasje #keunstkul ik in oare kear wol. Buorman Fedde Stoppel: 'At froulje wat opdroege binne, dan matte se har sels altyd wat bewize of sa, dat se noch de muoite wurch binne plus dêrby akwarel is fochtig no.' Dy man (Fedde Stoppel, red.) die kin knipeagje! 'Myn eigen frou komt ek wykliks mei it iene nei it oare fröbelwurk thús.' Fröbel is fansels Dútsk, mar dat hindert Fedde of my neat. Minsken graach oan't de folgendje #keunstkul!