woensdag 29 februari 2012

DuckFaceBook

Leasbakslet
met je loonslaafho’
McIkea Ugglies achter
BugaKiekeboo

si-ga-ret
waar luiheid domineert
de leugen regeert
Vet  Bull

CrackBerry
onder geplastificeerde nagels
‘Die
moet ik egt hebben’
zonnenbankoranje uit potje
omdat je het paard bent

heb je geen Whatsapp?
#kenjedat
KK-Awkward rant

Je weet tog, carrière maken

voordat de bom valt  


De leegte, de leegte, de leegte
The Voice Of No Return
Burn Motherfucker
Burn


zaterdag 18 februari 2012

Moai Waar Fergoaid

Sinneskynwaar. Ik woe nei it strân, do yn hûs blieuwe om prikkels te timperjen. Dwangmatig ritme om oerlibje te kinnen, it rûn tsjin myn frijheid oan. Moai waar, ik moat nei bûten.

Mar of't ik dan wol of net mocht, do wist it net. Koedest net sizze, duorrest net te sizzen. Eartiids wie d’r in freon fan wie neat mocht - in relaasje sûnder frijheid.

Behein net, mar wol sels ek net beheind wurde.

Yn de keuken stûnst by de iepen efterdoar. Ik woe it grutte swart sa graach by dy weinimme. Mar dêr gongen de losse dingen rjochting dyn holle. Sy kamen yn de tún. Ik goaide, mar rekke net it swart. Mei de earste spullen, fergoaide ik ús.

dinsdag 18 oktober 2011

#KeunstKul: Eksposysje Akky Roarda


Akky: 'Ik fyn it sa moai! Soms ontroer ik mysels sa bot dat ik myn eigen wurk bedjer. Dan gûl ik noch folle hurder.'

Akky tige grutsk foar har djoerste wurk: Trije tinzen' makke yn har depressieve periode fan 2005-2010.



Keunstkulnijs út Peasens-Moddergat, fan en troch jo pleatselike ferslachjouwer. 


Ik kom no krekt fan de iepening fan in lytse eksposysje yn ús eigen doarpshûs te Peasens: wetterverfgriemerij akwarellen fan de hân en kwasten fan Akky Roarda. Sy is tige grutsk: 'Ik bin no 62, ik hie nea tocht dat ik noch ris een fernaam keunstneres wurde soe.' No dat komt fansels moai út. De barman, SizMarPiet, ferklapte my dat hy oer har wurk 'Sinneblommen op e reet' wat bier griemt hie.'Ach akwarellen of bierrellen, it makket allegear gjin kont.' Nee, dat is ek sa, en nei 15 bier, snapte ik ek wol wat Akky dêr yn seach en de bierflekken fan SizMarPiet seach ik net en oer syn kontfasinaasje #keunstkul ik in oare kear wol. Buorman Fedde Stoppel: 'At froulje wat opdroege binne, dan matte se har sels altyd wat bewize of sa, dat se noch de muoite wurch binne plus dêrby akwarel is fochtig no.' Dy man (Fedde Stoppel, red.) die kin knipeagje! 'Myn eigen frou komt ek wykliks mei it iene nei it oare fröbelwurk thús.' Fröbel is fansels Dútsk, mar dat hindert Fedde of my neat. Minsken graach oan't de folgendje #keunstkul!

zaterdag 6 augustus 2011

oade oan de stoartbak


harre

jasses wat een jarre
wat een stront út myn kont
neffes my
bin ik oan de skiterij


Moderne wetter kloset toiletten hawwe in lyts, leechhingjend stoartbakje: better foar it miljeu. Der komt hast gjin wetter út om myn berg fuort te spielen. It migt dêr mar wat omhinne en allinnich it papier wurdt wiet. Myn stinsel blieut te plak.

Dom gehannes mei die domme boarstel folget. Deselde boarstel rekket undertusken fol ekskrementen en papier: spiele en noch mar ris. Sa kom ik measttiids op trije kear: hiel bêst foar it miljeu.

Jou my mar in stoartbak op nivo: op trije meter hichte, grôtfol wetter, diet dan mei donderend geraas al myn soargen yn ien kear nei it hjirûnder bringt.

- - -
Boppensteande skiet ek op 120 wurden: http://120w.nl/2011/ode-oan-de-stoartbak/

maandag 20 juni 2011